Sicht op kryst 2024
Klik op de tekst om it tsjerkeboekje te sjen ien word (vaak alsnog openen kiezen rechts boven in beeld)
Als de melding “kan niet veilig worden gedownload” verschijnt
dan,
klik op de puntjes
kies -behouden-
vervolgens -toch behouden-
opnieuw openen in word.
Sicht op Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam
Kryst 2024
foto’s J.A. Roos
Foarsitter: Joke Hoekstra-Tuinstra 392910
joke_hoekstra@hotmail.com
Sekretaris: Hidde Frankena 396980
adres: P.J. Troelstrastrjitte 15, 8802 RC Frjentsjer
Ponghâlder: Alte Lourenz 396493
Kommisjeleden:
Ant Palma-Hellema 452386
Jan de Haan 06-54993233
Ackelien v.d. Pol-Zijlstra 06-10720867
Hiembeheerder: Appie Reitsma 394348
fowh@kpnmail.nl
Oargelisten: Anne Tijmersma 06-27140822
Sijbe Bosch 0517-452660
Kosters: Piet en Trix Terpstra 850124
Thomas Wiersma 394117
Tineke Reitsma-Klaver 394348
Hiemside: www.fowhjerbeam.nl
2
Ôfwachtsje of ferwachtsje?
Der binne minsken dy’t libje yn ôfwachting. Do hearst harren hast sizzen en tinken: “Mar ris efkes ôfwachtsje”. “Earst sjen hoe it komt”. “Better de kat efkes út de beam sjen”.Men skoot saken op ‘e lange baan en nimt gjin maatregels om swierrichheden oan te pakken. Oanpakke is net it sterkste punt. Wikje en weagje, mar gjin beslúten nimme en in kar meitsje, de saken op syn beloop litte. In passive hâlding fan immen dy’t noch graach in slach om de earm hâldt.
Yn de Bibel, yn 2 Samuel 11 stiet in ferhaal oer Kening David. It begjint sa:
“…..In de maitiid fan it folgjende jier, yn de tiid dat oarloggen wer begûnnen, stjoerde David Joab en it Israëlitiske leger der op út om de Ammonieten te ferslaan….. David bleau lykwols yn Jeruzalem. Op in dei stie hy nei syn rêst-oere op fan syn bêd en makke in kuierke op it dak fan it paleis. Utsjend oer de stêd, foel syn each op in bysûnder moaie frou, dy’t krekt in bad naam…..”
David naam in ôfwachtsjende hâlding oan yn de striid tsjin de Ammonieten. Fjildhear Joab mocht it opknappe mar David bleau thús, dizze kear.
In ôfwachtsjende hâlding mei grutte gefolgen.
Ha jo ea in ôfwachtsjende hâlding fan in oansteande mem sjoen? In mem dy’t seit: “Mar ris sjen as de lytse poppe der is, dan meitsje wy de poppekaemer wol klear”. Wolné. In oansteande mem is net yn ôfwachting. Sy is yn férwachting. Tidens it swierwêzen is sy dwaande om fan alles te regeljen. Alles moat op tiid klear. Stel dy foar, de poppe kin ek ris earder komme. Dan moat alles klear wêze. Ôfspraken mei de ferloskundige, it bertekaartsje ûntwerpe, de widze, de poppekeamer, Neat kin wachtsje.
Stel dy foar.
Wat sprekt jo oan? Persoanlik ha ik mear mei de hâlding fan de oansteande mem dan mei de passive hâlding fan David.
3
Wat goeds ferwachtsje is ommers moai.
Of it no giet om it krijen fan in lytse poppe, in nij hûs of in nije fyts, in oare baan, it makket net út. Jo meie útsjen nei it momint fan it wier-wurden.
De “realisaasje”.
It hawwen fan ferwachtings is fakentiids fan ynfloed op hoe’t de dingen him feitlik ûntwikkelje. Dat blykt hieltyd wer op ferskillende terreinen fan ús libben.
Stel dy foar datsto útnoege wurdst foar in ûnderhâld mei in wichtich of belangryk persoan. As it goed is silst dy dêr op tariede. In sollisitaasje of in oar wichtich petear stiet of falt mei de krekte ynstelling. Do rinst net samar der yn, mar do meldest dy oan en wachtest ôf datsto oproppen wurdst.
In bytsje âlderwetsk neame wy dat noch wol: “Dyn opwachting meitsje.”
Ôfwachting, ferwachting, opwachting.
Hokker hâlding soe God fan ús ferwachtsje meie ? In hâlding fan dy luie slaaf dy’t syn iene talint begroef yn ôfwachting fan it weromkommen fan syn Hear? (Matteüs 25:14-30).
In ôfwachtsjende en passive hâlding? “It wie wer neat, it is wer neat en it sil ek neat wurde ek. Wy wachtsje it mar ôf.”
Is dat de hâlding fan in Kristenminske?
Kryst is yn it alderearste plak in feest fan férwachting. En wat moai dat wy it sa krekt foar it nije jier fiere meie. Ferwachting kweekje foar it nije jier 2025. Ferwachting om’t de úteinlike macht net leit by de lieders en machthawwers fan dizze wrâld.
Ferwachting om’t wy leauwe yn in nije Himel en in nije ierde wêrop gerjochtigheid wêze sil. Wêr’t minsken elkoar net mear haatsje en tekoart dogge. Wêr’t net mear narje en pesten en ûnearlik hannele wurdt.
4
Ferwachting om’t de Hear der hearen, de Kening der keningen, berne as in lytse poppe sûnder poppekeamer, sein hat: “Mij is jûn alle macht yn Himel en op ierde”.
Hy noeget jo en dij út foar in wichtich petear. Of jo foar Hím komme wolle te wurkjen, yn Sýn tsjinst stean wolle. Yn wurd en yn dieden.
Fol ferwachting kinne jo dan en kinsto dyn opwachting meitsje.
In verwachtings-folle Kryst tawinske
Piet Speelman
Ja, de soldatelearzens
dy’t stampend oer de ierde geane
en de mantels
dy’t troch it bloed helle binne,
dat wurdt allegear branje,
dy’t yn it fjoer fertart
Want in bern is foar ús berne
in soan is ús jûn
en de hearskippij leit op syn skouder.
En se neame Him:
Wûnderlike Riedsman, sterke God
Heit oer alle tiden, Fredefoarst
5
Fan de foarsitter
No sit ik achter de laptop om in stikje te skriuwen foar ús krantsje.
It ûnderwerp is natuerlik kryst. It feest fan it ljocht!
Mar as men de wrald oanskôget dan bin der oarlogen. De oarlog yn Oekraïne duorret al hast trije jier en yn it Midden Easten wol de frede ek mar net lukke. Wat in leed en fertriet foar al die slachtoffers.
En dan ha ik it ek noch net iens oer alle protesten die de minsken
dogge. In elts is ûntefreden en wol mear lean en foarol mear frij.
Us âlders ha tink ik ek wol ris tocht dat it mei de wrâld net goed komt,
mar dat gefoel ha ik sa stadichoan ek wol ris. Ik wit wol dat wy dan hjir yn Fryslân tige fredich wenje. Dêrom moatte wy de moed der ek ynhâlde.
Wat wol moed jout, is dat wy as kommisje, tegearre mei doarpsbelang en de feestkommisje, in bernekrystfeest organiseare wolle. Dat bart op 22 desimber middeis fanôf 16.30 ûre. Wy hope dat der in soad bern en âlders komme, want de bern ha de takomst no?
As kommisje halde wy de moed der yn elts gefal wol yn. De krystbeam wurd wer optúge en de kryststâl komt ek wer te stean. As dan de ljochtsjes wer oangean dan tink ik ek wol fan it komt ek wol wer goed.
Wy moatte nei de goede dingen sjen en foaral mei kryst oan it ljocht tinke. Ljocht jout hoop. Wy bliuwe sjongen fan frede op ierde, krekt omdat wy dat sa graach wolle.
Ik hoop dat wy ek yn it kommende jier wer goede dingen dwaan meie en dat in elts sûn bliuwe mei. En dat wy de opdracht fan Fryske preken yn Hjerbeam folhâlde meie.
Ik winskje jim allegear goede feestdagen en in lokkich nijjier ta.
Joke Hoekstra-Tuinstra
6
De kommende fieringen yn de Niklaastsjerke
25 des. dhr. P. Speelman Folsgeare kryst
5 jan. fr. J. Mulder Yndyk kofje nei
19 jan. ds. R. Reitsma Ljouwert
2 febr. ds. T.T. Osinga Frentsjer
16 febr. ds. J. v.d. Meer Akkrum
2 mrt. ds. P. Beintema Dokkum
16 mrt. dhr. P. Speelman Folsgeare
30 mrt. ds. S. Ypma Frjentsjer
fiering 50 jier F.O.W.H
13 april ds. L. Westra Lollum
20 April ds. G. Groeneveld Boalsert Peaske
alle fieringen begjinne om 9.30 oere
Berntsje fan frede, ljocht fan ‘e moarn
do bist hjir kommen as dauwe op it lân
Parel fan leafde, held sûnder macht
do bist hjir kommen as dauwe yn ‘e nacht,
Fynplak fan leafde, daudripke, bern,
wa’t fan dy hâlde dy sille dy sjen
Berntsje fan frede, kom by ús yn,
dan groeit der leafde yn dizze woestyn.
liet 509 út it lieteboek
7
Kollekten Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam
Tredde kwartaal 2024 €
july 221,00
augustus 178,00
septimber 154,00
553,00
Jeften tredde kwartaal 2024 145,00
Totaal oan kollekten en jeften 698,00
Diakonijkollekten tredde kwartaal 2024:
30 juny it ljochtpunt 85,00
14 july Mama Jane 113,00
28 july Wilde Ganzen 85,00
11 sept Zonnebloem Frjentsjer 82,00
22 sept Ned. Rode Kruis 79,00
598,00
Jeften tredde kwartaal 2024 —
Totaal oan kollekten en jeften 598,00
Foar alle jeften hertlik tank!
Bankrekkens:
Stichting Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam
NL 45 RABO 0320 4351 56
Diakonij: Stichting Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam
NL 38 RABO 0320 4395 50
8
Út de kommisje.
Yn it Hjerst 2024 krantsje fan it FOWH haw ik skreaun oer de takomst fan de Niklaastsjerke yn Hjerbeam. Op 26 oktober hawwe wy in gearkomst hjiroer hân wert elk wolkom wie – sa as altiten- yn de tsjerke. Der wienen 26 persoanen dy mei de kommisje hjiroer mei tinke woenen. Dat is fansels moai, wy wolle graach dat it in tsjerke is fan de mienskip Hjerbeam en wy wolle de ynwenners der dan ek graach by belûke. Us foarsitter iepene mei it gedicht: In goede bourman. Hiel tapaslik sa wy wêze wolle. Ek in ferstjintwurdiging fan Doarpsbelang wie oanwêzich, wat wy tige weardefol funen. Ja beslissingen binne der noch net nommen, mar wy wolle graach witte hoe ‘t men oer de takomst fan it tsjerkegebou en it gebrûk yn de takomst tinkt en wat miskien feroare wurde moat om it ek yn de takomst weardefol brûke te kinnen.
Op de gearkomst is ek in enkête formulier útrikt mei wat mooglikheden. It is sa dat wy as kommisje tinke dat, nei dat koart lyn de bûtenkant en it dak opknapt is, der ek oan de binnenkant wat barre moat. It pleisterwurk wurdt hjir en dêr minder en ek inkele skuorren binne sichtber. En miskien is it dan handich ek oan it ynterieur wat te dwaan.
Der binne 16 formulieren ûntfongen, 12 fan besikers fan de tsjerketsjinsten en 4 oaren. Der binne dy sizze och it sjocht der noch wol goed út, inkel it nedige ûnderhȃld dwaan. Mar yn it algemien is de konklúzje dat der wol wat mear oanpakt wurde mei. Wat der dan wol út springt is in keukentsje en een bettere toiletfoarsjenning mei oanslúting op it rioel. No is de romte yn de tsjerke beheind en dan kom je ek by de banken. Kinne dy dan allegearre stean bliuwe of moatte dy (diels) ferfongen wurde troch tafels en stuollen. Dan springt der wer út dat it moat wol de tsjerke fan Hjerbeam bliuwe, de preekstoel en de twa banken dêr tichtby yn elk gefal hȃlde. Der is wol ynstimming om efteryn in pear banken te ferfangen foar in keukentsje. Wat ek opfalt is dat men toch wol wat mear kleur yn de tsjerke hawwe wol no it stúkwurk toch oanpakt wurde moat. Mear waarmte yn tsjerke.
9
De ferwaarming yn tsjerke wol men ek graach hâlde en is wichtich. As kommisje binne wy bliid mei wat oanjoen is en geane dêr mei oan de slach. Wy moatte dan wol wat deskundigen yn de earm nimme om ús dêrby te helpen. Ek de finansjele kant fan de medaille moat goed nei gien wurde, mar tank foar al de reaksjes.
Begrutting 2025.
Fansels geane de deistiche wurksemens ek troch. Sa is der ek in begrutting foar 2025 makke. Wy binne wat de ynkomsten oan giet, neist de subsydzje omt it in monumint is, ôfhinkelik fan de kollekte en giften opbringsten en de hier fan de lyts 3 ha lȃn. At de ynkomsten op it selde bedrach út komme as yn 2024 rêde wy it wol wer. Tink der ek efkes om dat wy in Anbi status, de kulturele, foar de belestingtsjinst hawwe, as jo in gift doche en letter it belestingsformulier ynfolle. Ek kin ik melde dat wy koartlyn in gift krigen hawwe fan € 2.500,–, wert wy tige mei ynnommen binne fansels. Wat it tsjerkhôf oanbelanget, sille wy foar 2025 de tariven foar it gebrûk net ferheegje. Einliks is dêr wol reden foar omt de kosten fan it ûnderhâld fan it tsjerkhôf net hielendal goed makke wurde troch de reguliere opbringsten, mar wy wolle ek rekken hâlde mei wat op oare plakken yn de omkriten frege wurdt.
Doarpsbelang.
It bestjoer fan Doarpsbelang Hjerbeam is ek drok mei plannen foar de takomst te meitsjen, wat kin oanpakt of ferbettere wurde yn Hjerbeam. Der wie in gearkomst wert ek in fertsjintwurdiging fan de kommisje FOWH wie. In goede gearkomst wêryn men oer in soad punten yn groepen wat sizze koe. Ek oer de tsjerke. Us foarsitter wie dêr de gesprekslieder fan it diel oer de tsjerke. Der wie in goede ynbring fan de bewenners fan Hjerbeam.
Fijne kryst tawinske.
Frjentsjer, desimber 2024, Hidde Franeker, skriuwer FOWH
10
Der is ek wer de betinktsjinst holden wert de nammen neamd wurde fan persoanen dy’t it ôfrûne jier ferstoarn binne en wert wy en de neibesteanden fansels noch altiten oan tinke. Yn de tsjerke dogge wy dat op de lêste snein fan it tsjerklik jier foardat de Advint tiid begjint. Wy neame dan harren nammen dy’t in bân hienen mei de tsjerke yn Hjerbeam en sy dy’t yn Hjerbeam wennen. It is en bliuwt de tsjerke fan Hjerbeam.
De nammen binne neamd fan:
berne op: stoarn op: yn âldens:
Paulus Hettinga 25-2-1935 10-1-2024 88 jier
Marten Postma 3-4-1934 9-3-2024 89 jier
Haye (Harrie) Span 25-9-1938 9-3-2024 85 jier
Anna Marike Dijkstra-
van der Woude 7-2-1942 19-10-2024 82 jier
Tom Dijkstra 1943 24-1-2024 81 jier
Paulus Hettinga is fan it begjin ôf fan it ûntstean fan it FOWHjerbeam yn 1975 belutsen derby en ek jierren lang lid fan de kommisje en foarsitter west. Hy wie oant syn ferstjerren noch lid fan de kommisje.
Marten Postma wie jierren lang belutsen by it FOWHjerbeam en ek lang lid fan de kommisje.
Haye (Harrie) Span wie tal fan jierren ien fan de kosters fan de tsjerke yn Hjerbeam.
Anna Marike Dijkstra-van der Woude gong elts jier in pear kear foar yn de tsjinsten yn Hjerbeam. Sa ek noch op 8-4 en 8-9 dit jier.
Har man silliger Tom, is ferstoarn op 24-1-2024 en tige belutsen by it Frysk, it ûnderwiis en it foargean yn it Frysk
11
It Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam
winsket jim in sillich Krystfeest en
folle lok en seine foar 2025